Fytser oanriden by Feanwâlden
In fytser út Beetstersweach is freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok by Feanwâlden. De 23-jierrige man waard oanriden troch in brommobyl. De bestjoerder seach de fytser oer de holle, omdat dy gjin ljocht oan hie.
De fytser is mei in seare rêch nei it sikehûs ta brocht.