Flyers winne rom fan Geleen

10 jan 2014 - 23:46

De UNIS Flyers hawwe freed in romme oerwinning helle op de Geleen Eaters. Fia de perioadestannen 3-0, 4-0 en 2-0 waard it 9-0. Troch de winst hâlde de Feansters sicht op it twadde plak yn de iishockey-earedivyzje. Dat plak jout thúsfoardiel yn de striid om de lânstitel.

No woansdeitejûn om healwei achten spylje de Flyers de bekerfinale yn Eindhoven tsjin Tilburg. De lêste kear dat dy wûn waard, is al wer tolve jier ferlyn. Yn 2002 waard doedestiids Tilburg ferslein.

Trefwurden: 
iishockey Geleen UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)