Hearrenfean wint fan Lierse SK

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Sportklup Hearrenfean hat it trainingskamp yn Portugal ôfsletten mei in 3-2 oerwinning op Lierse SK. De Feansters krigen yn de earste helte amper kânsen. Hakim Ziyech bruts krekt foar it skoft de skoare iepen. Twa minuten letter foel de 1-1 troch de Skot Tony Watt. Yn de twadde helte soarge opnij Watt foar de Belgyske foarsprong. Ynfaller Daley Sinkgraven en Alfred Finnbogason, út in strafskop, soargen foar de einstân.
Earder dizze wike wie SC Cambuur mei 4-1 te sterk foar Lierse SK, de ploech fan âld-Cambuur trainer Stanley Menzo.