Fryske Ynferno presintearre

10 jan 2014 - 21:04

De wrâldferneamde Amerikaanske skriuwer Dan Brown fynt dat it karakter fan it Fryske hynder oerienkomt mei it karakter fan de Friezen. Yntelligint, gefoelich en betrouber. Dat sei hy freedtejûn op de presintaasje fan it earste eksimplaar fan Ynferno yn it Frysk.

Utjouwer Luitingh-Sijthoff út Amsterdam hie in boekpresintaasje regele foar in selekt selskip fan santich persoanen. Abe de Vries hat it boek oerset yn it Frysk. Brown neamt it Fryske hynder yn syn boek Ynferno en syn frou is leafhawwer fan it Frysk hynder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)