14 hûnen yn beslach naam

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat freed yn in doarp yn Ljouwerteradiel 14 hûnen yn beslach naam. De lisplakken fan de bisten wienen fersmoarge en de hûnen hienen gjin drinkwetter. De plysje en de ynspeksje fan de bistebeskerming hienen de eigenaresse yn desimber al in warskôging jûn, mar by in kontrôle die freed bliken dat der neat feroare wie.
De 39-jierrige eigenaresse wie op it momint fan de ynspeksje net thús. Se krijt letter in proses-ferbaal. De hûnen binne ûnderbrocht nei ferskate opfangadressen.