Dokkum krijt lúkse wenwyk

10 jan 2014 - 19:23

Oan de westkant fan Dokkum komt in wenwyk mei djoere hûzen, fergelykber mei de Houkepoart yn Snits en Blitseard yn Ljouwert. Dy hûzen yn it gebiet tusken de Burdaarder Strjitwei en de Ie krije in iepen farferbining en sille tusken de 500.000 en 1 miljoen euro kostje.

Oarspronklik wie de grûn bedoeld as yndustryterrein. Eigener is airco-leveransier Holtrop & Jansma. Dy ûntwikkelet it gebiet ek foar eigen risiko. Meielkoar is der plak foar 10 oant 15 hûzen.

De bou kin noch wol in pear jier duorje. De gemeente wol dat earst ek de huzeferkeap yn De Trije Terpen en de Geastmer Mar wer begjint te rinnen. Wethâlder Van der Ploeg seit lykwols dat der genôch sinjalen binne dat der op termyn wer ferlet is fan djoere hûzen yn Dokkum.

Trefwurden: 
wenje Dokkum huzebou wenwyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)