Daily Bread hâldt der mei op

Daily Bread is nei seis jier skiednis
De Fryske band Daily Bread hâldt der nei seis jier mei op. Dat ha se op harren eigen website bekend makke. Sjongeres Kimberly van der Velden lit witte dat se in nij bûtenlânsk aventoer, dat ynkoarten op 'e rol stiet, net mear opbringe kin. Yn 2009 kaam it debútalbum fan de 'elektropunk' band út. De twadde en lêste cd, Iterum, stie yn 2012 in skoftke yn de album top 100.
Ek spile Daily Bread op in soad grutte festivals, lykas Eurosonic/Noorderslag, Lowlands en Sziget. De oare bandleden oerwege om ûnder in oare namme troch te gean.