Boargerwacht kjel fan ynbraken

De boargerwacht fan Sint Nyk oerwaget om mear middeis en jûns troch it doarp te riden om ynbrekkers op te spoaren of ôf te skrikken. Tongersdei is der foar de twadde kear yn koarte tiid ynbrutsen yn it doarp. Dat wie oan de Neptunusleane. Yn de perioade dêrfoar wie it krekt hiel rêstich mei ynbraken yn it doarp.
Oant no ta wie de boargerwacht fan Sint Nyk benammen jûns let en nachts aktyf. Wurdfierder Siemen Zijlstra seit dat ynbrekkers har tiden hieltyd mear ferskowe en oan de ein fan de middei en it begjin fan de jûn aktyf wurde.
De boargerwacht besjocht no oft de wurktiden dêr ek op oanpast wurde kinne. De boargerwacht sette yn oktober 2012 útein.