Drugsdealer oppakt yn Ljouwert

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
De plysje hat tongersdeitejûn yn it fytstunneltsje fan Camminghabuorren yn Ljouwert in drugsdealer oanhâlden. De 39-jierrige Algeryn koe him net identifisearje. By kontrôle fan de fytstassen fûn de plysje boltsjes mei nei yn alle gedachten drugs. De man besocht út te naaien, mar koe nei in koarte achterfolging oanhâlden wurde.
De Algeryn hat gjin jildige ferbliuwsfergunning en sil dan ek it lân útset wurde.