Brown yn âlde trein ûnderweis

10 jan 2014 - 10:22

Freed om kertier foar alven is yn Amsterdam de histoaryske trein ôfset dy't freedtemiddei om 13.30 oere yn Ljouwert ferwachte wurdt. Ien fan de passazjiers is de Amerikaanske skriuwer Dan Brown. Hy is freed earegast by de hynstekeuring yn it WTC Expo yn Ljouwert. De Nederlânske Spoarwegen hawwe om syn besite hinne in tal festiviteiten organisearre.

Sechtich fans fan Brown reizgje op útnoeging fan de NS mei de skriuwer mei. Dy koene harren yn't foar opjaan. De trein bestiet út 3 treinstellen út de jierren '50, dy 't oars yn it museum stean.

Abe de Vries, de oersetter fan Brown syn bestseller 'Inferno' yn it Frysk, is ek útnoege om de treinreis mei te meitsjen.

Trefwurden: 
trein Abe de Vries Dan Brown
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)