Kroechbaas siket baan

Kroechbazen yn Fryslân hawwe it dreech. Troch strange regeljouwing en hege bierprizen kinne se de saak net goed mear draaiende hâlde. Dêrom binne der hieltyd mear kroechbazen dy't op syk geane nei in baan foar derby.
Dizze trend wurdt sinjalearre troch Keninklijke Hoareka Fryslân. Toch binne der net folle kafees dy't de doarren slute, want de measte kafee-eigeners fine it wol it moaiste wurk dat der is.