Lintsje foar Ingeborg de Jonge

09 jan 2014 - 21:19

Ingeborg de Jonge út Ljouwert hat tongersdeitejûn in Keninklike Underskieding krigen foar har jierrenlange ynset foar de frijwillige brânwacht fan Ljouwert. Al 21 jier is se aktyf belutsen by dy organisaasje. Se wurdt omskreaun as in geweldige aktive frou mei in grutte ynset en belutsenheid by de mienskip.

Neist har betelle baan en it frijwilligerswurk by de brânwacht is se ek aktyf by Oerol en by de motorklup Red Knigts, in klup foar motorridende leden fan de brânwacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)