Cambuur hellet Elvis Manu

09 jan 2014 - 19:37

De 20-jierrige Elvis Manu fan Feyenoord spilet it seizoen út by SC Cambuur. De oanfaller kaam oant no ta fjouwer kear foar Feyenoord yn aksje, dêr't er sûnt it seizoen 2010-2011 ûnder kontrakt stiet. Ferline jier waard hy ferhierd oan Excelsior, dêr makke hy acht goals yn 20 wedstriden.

Cambuur hat mei de komst fan Manu de earste fersterking binnenhelle, mar siket noch nei mear fersterkings.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Elvis Manu
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)