Johannes Meeter nei Langwar

09 jan 2014 - 18:00

Johannes Meeter fan De Lemmer is de nije skipper op it Langwarder skûtsje. Hy is de opfolger fan Jaap Zwaga, dy't der ferline wike mei ophâlden is. Johannes Meeter hat al in soad ûnderfining as skûtsjeskipper. Hy siet oan it helmhout fan de skûtsjes fan Ljouwert, Huzum, Boalsert en sûnt 2008 op dat fan De Lemmer.

Syn pake Lodewyk Meeter hat ek skipper op it Langwarder skûtsje west, dat wie tusken 1965 en 1968. De Stichting Skûtsjes Doniawerstal, de eigener fan it skûtsje, is tige bliid mei de beneaming fan Johannes Meeter.

Johannes Meeter fynt it as nije skipper fan it Langwarder skûtsje wichtich om safolle mooglik de âlde bemanning werom te krijen op it skip. Hy fynt dat in ferantwurdlikhied fan him en it bestjoer fan de lokale skûtsjekommisje. Meeter folget Jaap Zwaga op dy't net mear foar de Langwarder kommisje sile woe. Dêrnei ûntstie der in diskusje oer hoefolle in kommisje eins fan in skipper freegje kin as it giet om de tiid dy't hy der yn stekt.

Dêr binne no goeie ôfspraken oer makke en dêr hat Meeter wol betrouwen yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)