Fries wint Emmy Award

Fries-om-utens krijt Emmy Award
Fries om utens Jan van der Meer krijt tongersdei in Emmy Award útrikt. Hy hat de prestisjeuze Amerikaanse televyzje- en filmpriis wûn foar it ûntwikkeljen fan in technyk foar Bluray en digitale televyzje. Dy technyk hat neffens de sjuery tige wichtich west foar hoe't we hjoed-de-dei nei televyzje sjogge.
Van der Meer is foar de útrikking yn Las Vegas, tegearre mei it team dêr't er de technyk yn de jierren njoggentich mei betocht hat.