Fytsers Langelille yn 'e knipe

De gemeente Weststellingwerf sil yn febrewaris beslute wat der mei it fytspaad oan de Kerkeweg yn De Langelille dien wurde moat. It fytspaad tusken Langelille en Munnikebuorren waard heal desimber ôfsletten, om't de gemeente it paad gefaarlik fynt. De dyk is op guon plakken skuord en de kâns op fallende beamtûken is grut.
Fytsers moatte no oer de autodyk en dat is net feilich, seit Jopie Dragt, foarsitter fan doarpsbelang Langelille. Hy wol dat der in geskikte oplossing komt. Yn septimber foel in famke noch fan har fyts troch beamwoartels.
De gemeente moast doe in skeafergoeding betelje.