Skylgers prate net oer EVT

De konkurrinsjestriid tusken rederij Doeksen en de Eigen Veerdienst Terschelling EVT soarget foar in hieltyd gruttere twaspjalt op Skylge. Yn de iepenbierheid wurdt der leaver net oer praat. Foaral oanhingers fan de EVT fiele in grutte druk fan rederij Doeksen op de mienskip. Dat is it kommende wykein te sjen yn de Fryslân DOK dokumintêre 'It ferdielde eilân'.
Ut in enkête fan it Skylger ynternetpoadium De Fodzoeker docht bliken dat in lytse mearderheid fan de Skylgers tsjin it ferbod fan de EVT is.
Mar dêroer prate foar in kamera, dat is der net by. De measte eilanners dy 't Omrop Fryslân benadere foar in ynterview woene net meiwurkje, foaral út benaudens foar rederij Doeksen.