Evangelyske skoalle yn berop

09 jan 2014 - 14:42

De Stichting Evangelische Basisschool Drachten giet yn berop tsjin de ôfwizing fan steatssiktaris Sander Dekker fan ûnderwiis. Dy hat de oanfraach foar it oprjochtsjen fan in evangelyske basisskoalle yn Drachten net honoreard. Dekker is der net fan oertsjûge dat de skoalle genôch learlingen lûke kin. In nije skoalle moat binnen fiif jier op syn minst 200 learlingen hawwe.

De stichting tinkt dat dit wol slagget en is fan doel om mei minimaal 300 hantekens te kommen fan âlden dy't ferklearje ynteresse te hawwen yn de evangelyske skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)