Boetes op it wetter wer heger

Wettersport © ANP
De boetes op it wetter wurde dit jier flink ferhege. Ferline jier betelle in bestjoerder fan in flugge boat 500 euro as hy gjin farbewiis hie. Dit jier betellet hy foar deselde oertreding 50 euro mear. Te fluch farre is de oertreding dy't op it Fryske wetter it meast foarkomt, seit plysjewurdfierder Anne van der Meer.
Ek farre sûnder farbewiis en it drinken fan alkohol ûnder it farren komt in soad foar. It bestjoeren fan in boat wurdt gauris únderskat, seit Van der Meer. Foaral op kanalen mei grutte skippen moat de rekreant der om tinke.