Jorritsma stipet Grinslân

09 jan 2014 - 12:10

Grinslân moat in soarte fan Waadfûns krije as as kompensaasje foar de gaswinning. Dêr moat op syn minst ien miljard euro ynsitte. Dat fynt kommissaris fan de Kening John Jorritsma. De trije noardlike provinsjes arbeidzje mei-inoar op yn de striid foar kompensaasje foar de gaswinning. In soad wenten yn Grinslân hawwe skea troch ierdskokken.

It Waadfûns is yn it ferline troch it ministearje fan Ekonomyske Saken ynsteld as kompensaasje foar de gaswinning ûnder it Waad. Dêr sit 600 miljoen euro yn, dat brûkt wurdt foar projekten lâns de kust.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)