Winkel mei net stikem filmje

09 jan 2014 - 11:09

It stikem filmjen fan personiel yn de Media Markt is yn striid mei de wet. Dat is de konklúzje fan it College Bescherming Persoonsgegevens (CBP). Ferline jier die bliken dat de Media Markt ûnder oare yn Ljouwert mei saneamde mystery shoppers harren personiel teste en filme. De bylden waarden brûkt by funksjonearringspetearen en it ôfhanneljen fan in klacht.

Neffens it CBP mei soks net. De organisaasje ûndersiket de mooglikheid om maatregels tsjin de Media Markt te nimmen.

Trefwurden: 
filmje meiwurkers Media Markt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)