Wenningferkeap wer yn 'e lift

09 jan 2014 - 11:03

De wenningferkeap yn Fryslân is yn it lêste fearnsjier fan 2013 omheech gien, sa docht bliken út sifers fan de NVM. Yn fergeliking mei 2012 binne 16 persint mear huzen ferkocht. Mei-inoar hawwe de NVM-makelers 955 wenningen ferkocht yn it fjirde fearnsjier, tsjinoer 855 yn deselde perioade yn 2012.

De gemeente Opsterlân wie de grutste groeier, mei hast 40 % mear transaksjes. Yn trochsneed stie in hûs yn Fryslân 149 dagen te keap. De lege rinte en it groeiende konsumintebetrouwen binne de wichtichste oarsaken fan de groei, tinkt de NVM.

Trefwurden: 
NVM wenningferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)