Leenstra kiest foar Tocht

05 feb 2012 - 17:08

Reedrydster Marrit Leenstra út Wikel lit it wrâldkampioenskip allround sjitte, as der in Alvestêdetocht komt. Leenstra waard snein yn Thialf op It Hearrenfean foar de twadde kear op rige Nederlânsk kampioen alround. Dêrmei pleatste se har foar it WK allround yn Moskou dat oer twa wike hâlden wurdt.

As in Alvestêdetocht tagelyk hâlden wurdt mei it WK allround sjocht gjinien mear nei de WK allround, seit Leenstra. Boppedat is der neffens har takom jier wol wer in WK allround.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)