Oerterper ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De 52-jierrige fytser út Oerterp is woansdeitejûn ferwûne rekke by in botsing op De Knobben yn Drachtsterkompenije. De man ried oer De Feart yn de rjochting fan Oerterp doe't er op de krusing mei De Knobben oanriden waard troch in auto. De plysje tinkt dat de 41-jierrige automobilist út Drachten de fytser oer de holle sjoen hat.
It slachtoffer is mei ferwûnings oan de hannen en holle nei it sikehûs ta brocht.