Man oppakt foar minskesmokkel

Plysje-embleem © ANP
De plysje en de Keninklike Maresjesee hawwe tiisdei yn Ljouwert in Burgumer (33) oppakt yn ferbân mei in ûndersyk nei minskesmokkel en fraude. De man soe reisdokuminten ferfalske hawwe om minsken fan bûten Europa nei Europa te heljen. Neffens de plysje giet it om minsken dy't sels nei Europa ta woenen. Fan twang is gjin sprake. Om hoefolle minsken it giet en wêr't se weikomme, wol de plysje net sizze.
De Burgumer is foarearst de iennichste fertochte yn dizze saak, mar de plysje hâldt rekken mei mear arrestaasjes.
De wenning dêr't de man oppakt is, is troch de plysje ûndersocht. De plysje hat dêrby ûnder oare tillefoans en kompjûters yn beslach naam. De fertochte wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslút dan oft de man langer fêstsitten bliuwe moat.