NOM ynvestearret yn 2014

08 jan 2014 - 21:30

De Fryske ekonomy krijt as it oan de Noardlike Untwikkelings Maatskippij, de NOM leit, it kommende jier in flinke triuw yn de goede rjochting. Dat seit NOM-direkteur Siem Jansen. Sa wurdt der yn 2014 8 miljoen euro ekstra ynvestearre troch de NOM. Dat jild komt út in spesjale pot dy't beskikber steld is troch de provinsje Fryslân. Mei dat ekstra jild kin der ynvestearre wurde yn sektoaren dêr't de NOM oant no ta net aktyf wie, sa seit Janssen, bygelyks yn de rekreaasje-sektor.

De NOM moat wol earst noch om tafel mei de provinsje om krekt ôf te praten wêr't it jild hinne giet.

Trefwurden: 
NOM ynvestearring 2014
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)