Fryske gemeenten binne duorsum

Ljouwert en Tytsjerksteradiel skoare mei it trêde en fjirde plak heech op de lanlike Lokale Duorsumensmeter en dat is folle better as fjouwer jier lyn. Doe besetten beide gemeenten noch it 20e en 25e plak. De duorsumensmeter wurdt altyd koart foar de ferkiezings publisearre. Der dienen dit jier 63 gemeenten oan mei. Doel is om te sjen hoefier gemeenten binne mei de útfiering fan it griene belied. Nijmegen en Breda steane op nûmer ien en twa.
De skoare kin heger, mar dan moat Tytsjerksteradiel beslute it ûnkrûd biologysk te bestriden.