Eikrem fan H'fean nei Cardiff

Magnus Wolff Eikrem stapt fuort oer fan SC Hearrenfean nei Cardiff City. Beide klups makken de transfer woansdei bekend. De Noarske ynternasjonal komt yn Ingelân wer syn âlde manager Ole Gunnar Solskjaer tsjin. Earder wurken se gear by Molde en yn de jeugd fan Manchester United. Eikrem wie noch mar in healjier by de Friezen yn tsjinst. It is net bekend hoe lang't de Noar him ferbynt oan Cardiff. Ek is neat sein oer it transferbedrach.