Knegt mikt op finale Dordrecht

© www.awfoto.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt hopet dat er nije wike meidwaan kin oan de wrâldbekerfinale shorttrack yn Dordrecht. Knegt foel sneon by de wrâldbekerwedstriid yn Moskou, wêrby't er in sneed yn syn holle oprûn. De wûne is hechte yn it sikehûs. Snein kaam Knegt net mear yn aksje.
Mei de finale fan nije wike komt de blessuere fan de Europeesk kampioen op in ferfelend momint. Sels sjocht Knegt gjin problemen, mar bûnscoach Jeroen Otter is foarsichtich en skriuwt foarearst rêst foar.