SAR-helikopter faker ynset

08 jan 2014 - 12:32

De helikopters fan de SAR fan de fleanbasis yn Ljouwert wurde hieltyd faker ynset. It ôfrûne jier wie dat 253 kear. Dat is hast fyftich kear faker as 2012. De taname komt benammen troch taken dy't oernaam binne fan de kustwacht. Sa ha de helikopters in soad fuort west om minsken út en fan it wetter te heljen.

Ek nimt it tal pasjinteflechten fan de Waadeilannen ta.

Trefwurden: 
SAR-helikopter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)