MFA yn Eanjum ek kantoar NAM

Yn Eanjum binne plannen om de multyfunksjonele akkommodaasje te kombinearjen mei it nije kantoar fan de NAM. Der wurdt al langer wurke oan in nij MFA yn it doarp, en de plannen binne no al sa fier dat hast begûn wurde kin mei de bouprosedueres. De belutsen ynstânsjes wolle noch wol sjen nei de mooglikheden foar in gearwurking mei de NAM. Dit soe benammen kwa eksploitaasje in protte foardielen opsmite.
Oan it ûntwerp wurdt al wurke. Dêrnei moat noch mei de provinsje praat wurde en moatte fergunnings noch oanfrege wurde.
De gemeente hat goede hoop dat de plannen trochgean kinne. De Nederlanske Aardolie Maatschappij (NAM) boarret nei gas yn de buert fan Eanjum.