Rjochter heart fertochte moard

08 jan 2014 - 09:57

De 17-jierrige Amsterdammer dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de moard op Omar Kourrich by it Tsjûkemar yn juny is troch de rjochtbank frijlitten. De jonge moast tiisdei foarkomme. Hy bliuwt fertochte, mar mei de rjochtsaak yn frijheid ôfwachtsje fan de rjochter. Kourrich waard dea fûn op in parkearplak by Sint Nyk. Hy wie fêstbûn en yn de brân stutsen. De heit fan de jonge fertochte moat takom wike tongersdei foar de rjochter ferskine.

In tredde fertochte, in Roemeen, sit noch fêst yn Denemarken foar in strafber feit. Nederlân hat yntusken wol in fersyk dien om de man út te leverjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)