Gjin skate-off foar Nauta

Der komt gjin ekstra mooglikheid foar reedrydster Yvonne Nauta om har te pleatsen foar de 3000 meter by de Olympyske Spelen. De geskillekommisje fan de KNSB hat tiisdei it reedrydbûn gelyk jûn yn de wegering om mei in ekstra skate-off te kommen tusken Nauta en Annouk van der Weijden. Neffens de geskillekommisje stean de regels fan de seleksjeproseduere foar de Olympyske Spelen de ekstra mooglikheid net ta.
Nauta hie om de mooglikheid frege omdat se der net yn slagge wie om by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai in startbewiis te bemachtigjen.
De oarsaak fan it net heljen fan in startbewiis leit der yn dat Nauta by in krusing hindere waard troch Linda de Vries. Se einige dêrtroch op it fjirde plak. Annouk van der Weijden einige in plak earder en mei dêrom wol nei de Spelen. It ferskil tusken de beide rydsters wie mar 0.03 sekonde.
Nauta soe no noch in berop dwaan kinne op de gewoane rjochter, mar neffens in wurdfierder fan har ploech is de kâns lyts dat se dat docht.