Man delstutsen yn Ljouwert

Yn de Curaçaostrjitte yn Ljouwert is om healwei fjouweren in man delstutsen. Om wa't it giet is net bekend, de plysje kin wol melde dat syn ferwûnings earnstich binne. Helpferlieners hawwe hast in oere mei him dwaande west foardat er nei it sikehûs brocht waard.
De plysje hat yntusken yn de wyk Huzum in fertochte oanhâlden, mear gegevens dêroer binne noch net frijjûn. Dat jildt ek foar ynformaasje oer de oanlieding fan de stekpartij. Neffens de earste meldings is it slachtoffer delstutsen troch in oare man.
De plysje is yntusken dwaande mei buertûndersyk.