Alvestêdetocht: wike wachtsje

05 feb 2012 - 15:46

In eventule Alvestêdetocht lit noch op syn minst in wike op him wachtsje. Dat is it oardiel fan iismaster Pyt Adema oer it iis yn de Súdwesthoeke. Der binne noch tefolle swakke plakken om oer in Alvestêdetocht nei te tinken.

De Alvemarretocht kin ek noch net ferriden wurde. Dat soe op syn betiidst woansdei kinne, mar de kâns is grut dat it noch letter wurdt.

Benammen by Heech is de situaasje min. Op guon plakken leit der noch mar 1 of 2 sintimeter iis. Der binne te folle iepen wynwekken. Op De Gaastmar is de iisflier mei 10 sintimeter wol goed. Dêr binne se op it stuit dwaande om de banen te ferbreedzjen mei feimasines. Sneon sakke by Drylts noch in feimasine troch it iis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)