Tjongerskâns siket sponsors

07 jan 2014 - 15:45

Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean siket sponsors foar it ferstjoeren fan unifoarmen nei Malawy. It giet om unifoarmen dy't it sikehûs sels net mear brûkt. Dy gean nei in sikehûs yn sintraal-Malawy, dat 300.000 minsken medyske soarch jout.

Yn oktober hat de Tjongerskâns al in earste lading unifoarmen ferstjoerd, de rest folget meikoarten. Mei-elkoar krijt Malawy 10 pallets mei brûkte klean. Doel is om neist de unifoarmen ek medisinen te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)