Winkeldief pakt yn Ljouwert

07 jan 2014 - 10:35
Plysjesel - Foto: ANP XTRA

In man fan 47 út Ljouwert is moandeitejûn oanhâlden op fertinking fan stellerij en bedriging. De plysje waard warskôge neidat de man personiel fan in winkel oan de Oastersingel yn Ljouwert bedrige hie mei in mes, neidat hy wat stelle woe út de winkel. De plysje koe de man fuort dêrnei yn de Fiverstrjitte oanhâlde, hy is op it buro ynsletten.

Trefwurden: 
Ljouwert winkeldief
(advertinsje)
(advertinsje)