500.000 besikers SR Ljouwert

07 jan 2014 - 10:07

Serious Request 2013 hat yn Ljouwert hast 500.000 besikers lutsen. Dat meldt radiostjoerder 3FM. Yn totaal hawwe 12,3 miljoen Nederlanners de aksjewike folge op tillevyzje, radio, ynternet of mobile tillefoan. Dat hege berik fan 84 % fan alle Nederlanners boppe de 10 jier is in rekôr foar de aksje.

Mei it Glêzen Hûs op it Saailân hawwe dj's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering goed 12,3 miljoen euro ophelle foar de striid fan it Reade Krús tsjin diarree by bern.

Sendermanager Wilbert Mutsaers fan 3FM en boargemaster Crone fan Ljouwert binne beide tige te sprekken oer it bysûnder hege berik fan Serious Request. De gemeente Ljouwert is noch oan it ûndersykjen wat de aksjewike de stêd krekt oplevere en koste hat.

Trefwurden: 
Ljouwert Serious Request 3FM
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)