Spierblessuere foar Jansma

07 jan 2014 - 06:40

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein hat it ôfrûne wykein in spierskuorke yn de ljisk oprûn. Dat die moandei bliken út in scan yn it sikehûs fan Assen. De blessuere is slimmer as de remmer ferwachte hie. It herstel duorret 4 oant 6 wiken.

Jansma mist dêrtroch de twa lêste wrâldbekerwedstriden dizze moanne en it Europeesk kampioenschap. De Olympische Spelen binne net yn gefaar. Jansma hat him mei team Van Calker kwalifisearre yn de fjouwermansbob foar Sotsji. Yn de twamansbob is dit noch net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)