VVV De Jouwer yn nij jaske

06 jan 2014 - 21:56

De winkel fan VVV De Jouwer is wer iepen. De romte moast ferboud wurde, omdat de ANWB de hier opsein hie. VVV De Jouwer wurket no gear mei Hi-Tec dy't ûnder oare sponsor is fan de fjouwerdaagse fan Nijmegen en ek kontakten ûnderhâldt mei de Koninklijke Nederlandse Wandelbond.

Yn de nije VVV-winkel wurde kaarten, boeken en gidsen fan it Fryske marregebiet, fan Nederlân en fan Europa ferkocht. Fierders is VVV De Jouwer stipepunt foar ynformaasje oer de rekreative mooglikheden yn it marregebiet en yn Gaasterlân.

Trefwurden: 
De Jouwer VVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)