'Rêding EVT leit yn Brussel'

06 jan 2014 - 21:27

De rêding fan de EVT moat út Brussel wei komme. Dat seit direkteur Erwin Rob fan de rederij. Yn Brussel wurdt ynkoarten oer de situaasje praat. Mar earst tsjinnet noch in beropssaak yn Nederlân tsjin de útspraak fan de rjochter. De rjochter stelde minister Mansveld koartlyn yn it gelyk dat de EVT fan 1 febrewaris ôf ophâlde moat mei farren.

EVT-fearboat De Spathoek leit foarearst foar de wâl mei in stikkene motor. Dy wurdt wol makke. Rob ferwachtet dat de EVT aanst gewoan wer farre kin, om't de rjochter him yn it gelyk stelle sil.

Trefwurden: 
Harns EVT Wilma Mansveld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)