Heidaskoalle is fûgelfreonlik

06 jan 2014 - 20:28

De Wethâlder A. Heidaskoalle yn Munnikebuorren kriget tûzen euro fan de Fûgelbeskerming om it skoalplein fûgelfreonlik te meitsjen. De basisskoalle yn Munnikebuorren is ien fan de fiif winners fan in priisfraach oer in griene ynrjochting fan skoalpleinen.

De bern yn Munnikebuorren krije wol gauris les bûtendoar. De skoalle wurket in soad gear mei natoeredukaasjesintrum de RietNymf. Der wiene al plannen om in stik grûn neist de skoalle te brûken foar natoerlessen.

De priis fan de Fûgelbeskerming is in moaie opstekker om ek it skoalplein oan te pakken. Dêr sil ûnder oare in 'gluurtuin' komme dêr't bern fûgels besjen kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)