Wynmûne-ûnrêst yn De Wylgen

06 jan 2014 - 17:03

Bewenners fan de wenwyk De Sanding yn De Wylgen binne skrokken fan in nij plan foar de bou fan wynmûnen op yndustryterrein De Haven yn Drachten. Yn 2007 gie yn de gemeenteried in stimming oer de bou op it lêste momint net troch. Guon ynwenners fan De Sanding tochten dat de diskusje dêrmei oer wie. Mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân hat in nij foarstel makke foar wynturbines op De Haven.

Omwenners fan it wynpark binne benaud foar lûdsoerlêst. Nije wike tiisdei wurdt it útstel yn de gemeente bepraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)