Zielman wint op Weissensee

05 feb 2012 - 13:32

Carla Zielman út Rottum hat sneon de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk wûn. Se wie de rapste fan in kopgroep fan tolve en die seis oeren, 49 minuten en tweintich sekonden oer de 200 kilometer. Mariska Huisman, de winnares fan ferline jier waard twadde, it tredde plak wie foar Elma de Vries.

By de manlju wûn Jens Zwitser út Katwyk. Hy einige, nei de lêste tritich kilometer allinnich riden te hawwen, mei in foarsprong fan 1 minút en 41 sekonden op de nûmer twa, Jouke Hoogeveen. Robert Bovenhuis waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)