Foarsichtige rider krijt klap

05 feb 2012 - 13:00

In automobilist fan 24 jier út Drachten is sneontejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling by in ferkearsrûzje. Hy ried achter in auto, bestjoerd troch in 49-jierrige Drachtster, dy't neffens him te stadich ried. De 24-jierrige snijde de auto fan de oare man en rekke dy.

Beide manlju stapten út en dêrnei soe de 24-jierrige begûn wêze mei mishanneling fan de oare man. Dêrnei foelen oer en wer klappen. De 49-jierrige is nei it sikehûs brocht. De 24-jierrige is ynsletten foar ferhear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)