Jonge fertocht fan ynbraak

05 feb 2012 - 12:49

De plysje hat in jonge fan 15 jier út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan ynbraak. Hy soe mei in oare jonge ynbrutsen hawwe yn in hûs oan de Gebroeders Wierdastraat yn syn wenplak. In foarbygonger dy't dat seach, skeakele de plysje yn. Dy koe de 15-jierrige dêrnei oanhâlde by in bushalte. Oan spoaren yn 'e snie wie te sjen dat er dêrhinne rûn wie.

De oare dieder is noch net oanhâlden. It is net krekt dúdlik oft der ek wat meinaam is út it hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)