Auto botst op beam

05 feb 2012 - 12:42
Foto: Omrop Fryslân

In 56-jierrige frou út de Himrik is snein ferwûne rekke by in ûngelok yn Hoarnstersweach. Se rekke nei alle gedachten troch de glêdens mei de auto op 'e Sint Magnuswei fan 'e dyk en fleach tsjin in beam.

DeSe is mei ferwûnings oan 'e holle oerbrocht nei it sikehûs.

(advertinsje)
(advertinsje)