Soarch oer draachflak polityk

Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel makket him grutte soargen oer it draachflak fan lokale polityk. De opkomst by de ferkiezings wurdt hieltyd leger. No't út ûndersyk bliken docht dat lokale politike partijen boppedat ek nochris dreger oan geskikte kandidaten komme kinne, wurdt it probleem allinnich mar grutter.
Om stimmers te lûken, stjoert Veenstra alle minsken dy't foar it earst stimme meie in brief. Boppedat is der in kursus foar nije gemeenteriedsleden.