Dieven stelle ark begraafplak

Dieven hawwe it yn Súdwest-Fryslân fersjoen op it túnark fan ferskate begraafplakken. It ôfrûne healjier waarden op sân plakken yn de Súdwesthoeke skuorkes njonken begraafplakken iepenbrutsen, wêrnei't de dieven der mei boskmeanmasjines, blêdblazers, hageskjirren en allerhanne ark útnaaiden.
De plysje giet út fan ien en deselde diedersgroep, dy't krekt nei de krystdagen foar it lêst tasloech yn Bakhuzen. Earder waard der ynbrutsen op De Lemmer, De Jouwer, yn Boalsert, Sleat, Wolvegea en Beetstersweach.