IIswebcam Omrop grut sukses

05 feb 2012 - 10:20

De webcam dy't Omrop Fryslân healwei dizze wike by Piet Paulusma yn 'e tún set hat is in grut sukses. Der is yntusken al tsientûzenen kearen nei sjoen. Sneintemoarn stie de teller op 41.000 sjoggers.

De webcam lit in lyts diel fan de Alvestêderûte sjen. It giet om it stikje Boalserterfeart dêr't Piet Paulusma oan wennet. Oant no ta wie ûnder oare de groei fan it iis te sjen, de snie dy't der op foel en sneon kamen ek de earste riders foarby.

Trefwurden: 
Piet Paulusma webcam tún
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)